Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Frozenland diel 2

Spegels: Frozenland diel 2

12 Juny 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze útstjoering is it twadde diel fan in twalûk oer it muzykfestifal Frozenland op 'e Griene Stjer. Mei ûnder oare De Heideroosjes, Posies en Senser.

LTV_ORFEO_OP_DE_BOMBREKKEN_250600_WR

Orfeo op de Bombrekken

25 Juny 2000

We sjogge by de tarieding fan de opera Orfeo Aqua dy't Tryater op it wetter fan de Bombrekken opfiere wol. Dirigint Hoite Pruiksma fertelt oer syn idee en syn bân mei de natuer dêr by Warkum. Regisseur Jos Thie fertelt oer it ferhaal en it sykjen nei in Fryske ynfalshoeke. We sjogge by repetysjes fan countertenoar Gart Boyce (hy fertolket Orfeo) en it koar, by de bou fan it gigantyske dekôr en hoe't de kostúms foarmjûn wurde.

Hjoed: ynfiering fan de euro

Hjoed: ynfiering fan de euro

01 Jannewaris 2002

Hast oardel miljoen Nederlanners hawwe op 'e earste dei fan it nije jier euro's út in pinautomaat helle. Dat hat Interpay, de organisaasje dy't it elektronyske betellingsferkear regelet, bekendmakke. De Friesland Bank wie hjoed ien fan 'e lêste banken dy't har pinautomaten klearmakken foar it brûken fan 'e euro. Sân ploegen makke yn de Fryske filialen 77 automaten ree foar de euro.