Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WR_De-Frysk-ierdewurk-2

'De Gleibakkers', oer Frysk ierdewurk (diel 2)

19 Juny 2005

Dokumintêre oer allerhanne fasetten fan Frysk ierdewurk, lykas de skiednis, produksje en fersprieding fan dit Fryske kultuerguod. Oan it wurd komme û.o. Pieter Tichelaar, earder direkteur fan it fabryk yn Makkum. Dat is no it âldste bedriuw fan Nederlân. Se grave de klaai sels ôf by Sopsum, ûnder Frjentsjer. By Tichelaar wurkje se ek gear mei ûntwerpers lykas Hella Jongerius. Ek yn Harns wienen earder in soad gleibakkers. Letter kamen Makkum en Boalsert derby. Yn 1972 rjochte Henk Oswald it Harnzer tegelfabryk op. Se dogge in soad oan restauraasjewurk en litte sjen hoe't dat giet.

Sybe Satellyt 0608

Sybe Satellyt 0608

09 April 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe praat mei Maurits Zeinstra, hy is beamfersoarger. Ek praat er mei Marc van Eijk, in jong talint by SC Hearrenfean. Hy sit op de Burgemeester Harmsmaskoalle op De Gordyk. Se hâlde rekken mei syn trainingen. Jan Boelens is syn begelieder by de jeugd fan de fuotbalklup. Ek praat Sybe mei trainer Foppe de Haan.

Hjoed: Loftmachtdagen 2001

Hjoed: Loftmachtdagen 2001

06 July 2001

Yn 2001 hâlde de fleanbasis Ljouwert iepen dagen. Op de earste dei, 6 july, kamen der goed 90.000 besikers op ôf. Kommandant J. Willemse wie tefreden en omwenners en fleantúchspotters seagen har de eagen út.De fleanshow wie in spektakel.