'De Gleibakkers', oer Frysk ierdewurk (diel 2)

19 Juny 2005

Dokumintêre oer allerhanne fasetten fan Frysk ierdewurk, lykas de skiednis, produksje en fersprieding fan dit Fryske kultuerguod. Oan it wurd komme û.o. Pieter Tichelaar, earder direkteur fan it fabryk yn Makkum. Dat is no it âldste bedriuw fan Nederlân. Se grave de klaai sels ôf by Sopsum, ûnder Frjentsjer. By Tichelaar wurkje se ek gear mei ûntwerpers lykas Hella Jongerius. Ek yn Harns wienen earder in soad gleibakkers. Letter kamen Makkum en Boalsert derby. Yn 1972 rjochte Henk Oswald it Harnzer tegelfabryk op. Se dogge in soad oan restauraasjewurk en litte sjen hoe't dat giet. Der is noch in soart dat read guod neamd wurdt mei trochsichtich leadglazuer.