Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld diel 1: It Ald Frysk

Skriuwers yn byld diel 1: It Ald Frysk

03 Maart 1988

It Aldfrysk is de earste bekende foarm fan it Frysk en waard brûkt tusken de jierren 1100 en 1575. Yn de earste útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' wurdt mear ynsjoch jûn yn dizze West-Germaanske taal.

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 3

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 3

15 April 2005

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel trije fan in searje oer wurk. Hoe komst oan in baan en watfoar oplieding hast dêr foar nedich? Jildou de Vries praat deroer en se sjocht ek by it wurk oan de âlde pleats yn Aldlemmer dêr't in tal VMBO-learlingen de boel opknappe om der in wen- en soarchkompleks foar handikapte minsken fan te meitsjen. Ek sjogge we wer by Biddle, in bedriuw yn klimaatapparatuer yn Koatstertille, dêr't wurknimmers oer it wurk fertelle dat se dogge en dat se soms ek op 'e nij nei skoalle moasten om by te learen.

Frysk Festival 1: Koos Dalstra en Suver Nuver

Frysk Festival 1: Koos Dalstra en Suver Nuver

03 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. We sjogge dichter en performer Koos Dalstra by syn tarieding. Hy siket, tusken de hynders, it middelpunt fan Fryslân en sjocht yn Boazum. En teäterselskip Suver Nuver (Dette Glashouwer, Henk Zwart en Peer van den Berg) is ek dwaande mei de tarieding fan har Sirkus Whitman. Mei tal fan oare artysten ûndersykje se wat sirkus is.