Frysk Festival 1: Koos Dalstra en Suver Nuver

03 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. We sjogge dichter en performer Koos Dalstra by syn tarieding. Hy siket, tusken de hynders, it middelpunt fan Fryslân en sjocht yn Boazum. En teäterselskip Suver Nuver (Dette Glashouwer, Henk Zwart en Peer van den Berg) is ek dwaande mei de tarieding fan har Sirkus Whitman. Mei tal fan oare artysten ûndersykje se wat sirkus is. Fierder leit skriuwer Kees 't Hart wat út oer it tema, it fers fan Whitman.