Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180705_SADWAANDE_ISOLEMINT_30_12_1998.mp4

Sadwaande: Isolemint

30 Desimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer isolemint. We prate mei slúswachters by de Lorentz-slûzen by Koarnwertersân, Rennie Kronemeyer en har man Bram dy't beide dôf binne en mei menear Tahir, dy't goed fjouwer lyn út Somalië flechte. Allegear ha se te krijen mei in soarte fan isolemint.

LTV_IT_FJIRDE_GEWAS_2

It fjirde gewaaks

13 Novimber 1994

Neist it ferbouwen fan jirpels, sûkerbiten en weet wurdt socht nei alternative gewaaksen foar it lân. De saneamde 'agrivicatie' siket nei gewaaksen dy't brûkt wurde kinne as griene grûnstoffen foar yndustriële produkten, lykas flaaks en olifantsgers. We sjogge by ûndersikers yn Wageningen, prate mei boeren en produsinten oer dizze ûntwikkeling.

Fryslan yn de Tritiger jierren diel 6: Krisis Demokrasy

Fryslan yn de Tritiger jierren 6: Krisis Demokrasy

11 Novimber 1989

It programma ‘Fryslân yn de tritiger jierren’ jout mear ynsicht yn krisistiid fan de jierren tritich. Yn de lêste útstjoering fan dizze rige hat Sake Visser it oer de krisis fan de demokrasy en it ferset fan foar de oarloch.