Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Befrijdingsfestivals yn de jierren '90

Befrijdingsfestivals yn de jierren '90

05 Maaie 1994

In kompilaasje fan de Befrijdingsfestivals yn Ljouwert yn 1994, 1995, 1996, 1997 en 1998; mei artysten as 2Unlimited, Marco Borsato, Trijntje Oosterhuis, en De Kast dy't op de Dam yn Amsterdam optreedt.

Hjoed: Hûneshow 21 april 2003

Hjoed: Hûneshow 21 april 2003

21 April 2003

Op de tradisjonele ynternasjonale hûneshow yn it Ljouwerter FEC wie hjoed de fûgelpestkrisis ek te fernimmen. Der binne ekstra feedokters ynset om twifelgefallen út it suden en België te keuren. Guon dielnimmers mochten net meidwaan en oaren út Brabân woene net. De organisaasje hopet mei de maatregels foar te kommen dat de tûzenen besikers fan de hûneshow it firus ferspriede.

Fytsalvestêdetocht 2005

Fytsalvestêdetocht 2005

16 Maaie 2005

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 2005.