Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

OEROL_1995_WR

Reportaazjes Oerol 1995

09 Juny 1995

De fjirtjinde edysje fan Oerol yn 1995 begûn mei in spesjale trein út Amsterdam wei. Goed 20.000 minsken makken it earste wykein fan it festival mei. Twa reportaazjes út Hjoed fan 9 en 12 juny 1995, oer Oerol 1995 dat as tema 'Frankryk' hie.

HJOED_110901_WR

Hjoed 11 septimber 2001

11 Septimber 2001

It nijsprogramma fan 11 septimber 2001 dat folslein yn it ramt stie fan de oanslaggen yn Amearika.

HJOED_190101_RepoBelslydjeienFeanhoop

Tariedingen foar belslydjeiwedstriid op De Feanhoop

19 Jannewaris 2001

Foar it earst yn fjouwer jier soe der wer in wedstriid belslydjeien, in âlde Fryske tradysje, organisearre wurde op De Feanhoop. Wylst de organisaasje drok dwaande is mei de tariedingen wurdt stadichoan dúdlik dat it iis minder sterk is as tocht waard.