Hjoed 8 july 2000, útstjoering 19.00 oere

08 July 2000

In wiidweidich ferslach fan de earste Slachtemaraton op 8 july 2000, ûnderdiel fan Simmer 2000, mei moaie bylden fan de tocht en petearen mei dielnimmers. De tocht begûn by Easterbierrum by de seedyk en einige yn Raerd. Underweis wie it ien grut folksfeest mei korpsen lâns de rûte. Ek spile Harm Wiersma damjen op in grut damboerd mei keunstkij. Goed 8.000 kuierders rûnen mei. Simone Scheffer prate mei Simmer 2000-foarsitter Henk Kroes. Tal minsken moasten nei ôfrin opfongen wurde om't se duzelich wienen fanwegen te min iten en drinken. Gerrit Kramer fan Boalsert wûn de maraton. Troch ferkearsdrokte by de finish koenen de bussen it finishplak net berikke. De dielnimmers moasten dêrom noch in eintsje rinne.