Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

CAMBUUR_030698_WR

Huldiging Cambuur 2 juny 1998

03 Juny 1998

In ferslach fan de huldiging fan Cambuur op 2 juny 1998. De Ljouwerter fuotbalclub Cambuur hie dy jûns mei 2-1 fan FC Zwolle wûn en dêrmei foar de twadde kear promoasje nei de earedifyzje helle. By weromkomst út Swolle wachte in stadion fol supporters de spilers op.

Hjoed: babyboom yn Aldegea (Sm.)

Hjoed: babyboom yn Aldegea (Sm.)

27 Juny 2002

Babyboom yn Aldegea-Smellingerlân. Yn it doarp binne de lêste tiid 30 lytse poppen berne. De ynwenners ferklearje de oanwas troch it grut tal jonge minsken dy't yn de nijbou kaam binne. Mar de bakker fan it doarp tinkt dat der mear oan de hân is. Fan 'e middei krige doarpsbelang Aldegea in cheque foar de flink befolkingsgroei én omdat it doarp 100 jier bestiet.

Fytsalvestêdetocht 2000

Fytsalvestêdetocht 2000

12 Juny 2000

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 2000.