Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fryslân Dok Alde Leije

Fryslân Dok Alde Leije

04 Jannewaris 1998

By de Alde Leije begjint foar de Alvestêdetochtriders it swiere stik tsjin de wyn yn nei Dokkum. Mar de ynwenners fan it doarp steane fan moarns oant jûns klear om harren dêr troch te skuorren. Omrop Fryslân makke tidens de tocht fan 1997 in portret fan dit doarp en de ynwenners.

Spegels: Oerol 2000

Spegels: Oerol 2000

23 Juny 2000

We sjogge op Skylge, by it Oerolfestival. Trije freonen, Jan Spijkerman, Fedde Bergsma en Ton van Andel, filmje op fersyk fan de Omrop har Oerol. Se sjogge allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby.

LINKK 07: De Ferkenning

LINKK 07: De Ferkenning

20 April 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer de ferkenning. We sjogge by in fjoertoerwachter en in boskwachter en learlingen fan it Dockinga kolleezje fertelle oer har ferkenning fan de leafde.