Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Ofslutdyk-75jier-diel-2_WR

Ofslútdyk 75 jier

27 Maaie 2007

Yn 1932 wie de Ofslútdyk, de dyk tusken Fryslân en Noard-Hollân klear. We sjogge mei oerpakesizzer Jan Lely nei de betinker fan de dyk, wetterboukundige Lely dêr't in stânbyld fan op de dyk stiet. We prate mei in brûker fan de dyk dy't der alle dagen oerhinne rydt, mei toeristen dy't út de hiele wrâld komme om de dyk te sjen, ien dy't alles sammelet oer de dyk en mei in fisker fan Makkum dêr't it wurk foar feroare nei de ôfsluting fan de Sudersee. It duo Nanne Kalma en Ankie van der Meer hat lieten makke oer de dyk dêr't se wat fan hearre litte.

LTV Flechtdoarp Noardwâlde

LTV Flechtdoarp Noardwâlde

15 Oktober 2000

Dizze sneinsdokumintêre giet oer it reidflechtersdoarp Noardwâlde.

Boppedat: winner SKS 1998

Boppedat: winner SKS 1998

30 July 1999

Skipper Ulbe Zwaga fan it Ljouwerter skûtsje, de winner fan it SKS-Skûtsjesilen 1998.