Yn Noard-Fryslân, yn it uterste noarden fan Dútslân, prate sawat 8000 minsken Frasch. Dy taal is famylje fan ús Frysk. Om't de groep Frasch-praters sa lyts is, is it foar harren in toer om ek in partner foar it libben te finen dy't ek Frasch praat. Sa komt it dat der op it fêstelân fan Noard-Fryslân noch mar in pear famyljes binne dêr't de man, de frou en de bern allegear Frasch prate. Ferslachjouwer Onno Falkena wie yn it ramt fan it Dútsk-Nederlânske sjoernalistenstipendium twa moannen yn Dútslân en ek in pear wike yn Noard-Fryslân.
Noard-Fryslân, yn it uterste noarden fan Dútslân, is bysûnder ryk oan talen. Njonken Dúts en ferskate farianten fan ús Frysk, wurdt der ek noch Deensk sprutsen en Plat-Dútsk. In soad Noard-Friezen behearskje de talen dy't yn de streek sprutsen wurde, sels al binne se noch mar fiif jier âld...
Yn it easten fan Dútslân groeit de belangstelling foar de folklore en tradysjes fan de Sorbyske minderheid. De Sorben binne in Slavysk folk fan 60.000 minsken yn de dielsteaten Brandenburg en Saksen yn de eardere DDR. Hoewol't de belangstelling foar de kultuer grut is, giet it net goed mei de Sorbyske taal. Yn Brandenburg bygelyks, wurdt de taal allinnich noch mar praat troch minsken fan 60 jier en âlder. In folslein Sorbysktalige Kindergarten moat der feroaring yn bringe.
It wengebiet fan de Sorben yn East-Dútslân is foar in part fernield troch de brúnkoalyndustry. Yn de kommunistyske tiid binne der 79 Sorbyske doarpen ôfgroeven foar de brúnkoalwinning. En ek no wurdt der, foar it earst sûnt de Dútske werieniging, in doarpke bedrige. Brúnkoalbedriuw Laubach wol oer in pear jier it doarp Horno slope en ôfgrave, mar de bewenners fersette harren út alle macht.
Yn it wykein fan Sinte Piter, op 21 febrewaris 1998, begroete de Noard-Friezen alle jierren de maitiid mei tsientallen grutte fjoeren. Se neame it 'biikebrennen' en it is it wichtichste Noard-Fryske feest. De Noard-Fryske taal dy't yn Sleeswijk-Holstein troch tsientûzen minsken praat wurdt, spilet in wichtige rol by it biikebrennen.
Op it haadkertier fan de alvestêdeferiening, yn it geboud fan de wetterlieding yn Ljouwert, is it in drokte fan belang. De telefoan stiet net stil en de administraasje fan legitimaasje en startkaarten komt krekt.
Alvestêdefoarsitter Henk Kroes en iismaster Venema sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1997. Dagenlang wienen se yn tou en net út de media te slaan. Beide sjogge werom; Kroes oan it moarnsbrochje mei syn frou thús yn Boazum en Venema op it iis fan de Ljouwerter Prinsetún.
Arsjitekt Abe Bonnema fan Hurdegaryp (1926-2001) hat hiel wat gebouwen ûntwurpen, fariearjend fan lytse wenhuzen oant prestisjeuze projekten, lykas it hege kantoargebou fan Nationale Nederlanden yn Rotterdam. Fjirtich jier funksjonalistysk bouwen fan Abe Bonnema stiet sintraal yn in boek dat yn 1998 útkaam. Nei oanlieding dêrfan socht Omrop Fryslân de arsjitekt op.
Piter Boersma bewurke it boek en toanielstik Les jeux sont faits fan Jean-Paul Sartre ta it stik Kearewear, dat yn 1997 opfierd waard as it iepenloftspul fan Wergea.