Wâldrock 1994 (2)

Wâldrock 1994 (2)

11 July 1994

Wâldrock groeit sa stadichoan út ta it grutste popfestival fan Fryslân. 4.000 heavy-metalfans kamen sneon nei de Simmerdyk by Burgum, en dat wie 1.000 mear as ferline jier. Njoggen bands, benammen út it bûtenlân, ragden der op los. Mar Wâldrock is fral ek in moetingsplak, foar minsken dy't allegear deselde libbensstyl oanhingje: metal.

Wâldrock 2005

Wâldrock 2005

04 Juny 2005

De foarferkeap kaam mar min op gong, dochs hellet muzykfestival Wâldrock genôch besikers om út te kinnen. De organisaasje ferwachtet dat der oant jûn tolve oere sa'n 7.500 besikers nei Burgum komme. Op 'e 18e edysje fan Wâldrock spylje hardrock- en metalbands as Megadeth, Black Label Society en Icepick. Yn it programma sitte gjin grutte topacts lykas de wrâldferneamde band Rammstein. Dy binne foar Wâldrock net mear te beteljen. Mar de besikers binne goed te sprekken oer it programma. Se komme út it hiele lân nei Wâldrock. En soms ha je sels de dei fan je libben nei in optreden.

Wâldrock 2004

Wâldrock 2004

19 Juny 2004

De fjirtjinde edysje fan Wâldrock yn Burgum is fan start gien. De sfear siet der goed yn, ek al wie it sa út en troch wat reinich. De kaartferkeap falt úteinlik toch noch wol ta, yn totaal binne der noch sa'n 8.500 kaartsjes ferkocht. Der is plak foar sa'n 12.000 minsken, mar om't der dit jier gjin grutte act is, binne dat der wat minder wurden. Wylst Wâldrock iepene wurdt troch de Fryske band Mortuary I.O.D, stiet der foar de yngong noch in grutte rige. De kaartsjes binne ferkocht oan minsken út hiel Nederlân en fan alle leeftiden. Wâldrock is dit jier wat lytser fan opset.

Wâldrock 2003

Wâldrock 2003

21 Juny 2003

Wâldrock wurdt takom jier mooglik grutter. Dit jier binne der foar it earst 12.000 metalfans yn Burgum. Dat is eins it maksimum. Kwa ferkear jout it in soad drokte. Mar op it fjild soe noch wol romte wêze foar mear besikers, tinkt de organisaasje. Grutte topper dit jier is de band Iron Maiden. As de kassa iepengiet, streamt it fjild daliks al fol. Der is gjin kaart mear te besetten, it metalfestival Wâldrock is útferkocht. It is tradysje dat in Fryske band it festival iepenet. Dit jier is de eare oan Devoted to Hate fan Snits. Foar Wâldrockbegrippen is it dan al aardich drok foaroan.

Wâldrock 2002

Wâldrock 2002

24 Juny 2002

Goed 7.500 taskôgers, 15 bands, foar it earst in twadde poadium en twa brutsen skonken. Dat binne de yngrediïnten fan in rêstich ferrûn Wâldrock 2002. Opfallend dit jier de opkomst fan de Gothic-Metal. Mei as grutte publykslûker fansels Within Temptation. Mar ek it Fryske Autumn makke sneon yn Burgum grutte yndruk. Klokslach 12 oere wurde sneon de stekken iepensetten. De 15de edysje fan Wâldrock is in feit. It festival wurdt tradisjoneel iepene troch in Fryske band. Dit jier Room nr. 13. Mear as 300 frijwilligers binne nedich om Wâldrock ta in sukses te meitsjen.

Wâldrock 2001

Wâldrock 2001

30 Juny 2001

De grûn sil sneon wer trilje yn Burgum en omkriten. Want it grutste Fryske metalfestival Wâldrock barst dan wer los. Mei ien grut ferskil, der mei dit jier foar it earst net crowdsurfd wurde. In grut gemis foar de echte metal-leafhawwer. Wy wiene by de lêste tariedings. Foar de 14de kear set sneon Wâldrock útein. Fryslâns grutste muzykfestival hat troch de jierren in namme opboud as in festival foar de hurde muzyk. Stiene der yn de begjinjierren noch bands as De Nits en Claw Boys Claw, letter waarden dat groepen as Sepultura, Slayer en Biohazard.

Wâldrock 2000

Wâldrock 2000

01 July 2000

It Wâldrockfestival yn Burgum luts sa'n 8.000 minsken. Wâldrock hoecht wat de organisaasje oanbelanget ek net in massaal festival te wurden. Dêrmei hopet de organisaasje ûngelokken sa as op it Roskildefestival yn Denemarken ek foar te kommen. Lykas alle jierren mei ek dit jier in Fryske band it festival iepenje. Dit jier is dat de groep Artvist út Drachten. In groep dy't rap-metal mei wat hard-core der troch hinne spilet. Bot ferneamd binne se noch net, mar it sjocht der goed foar harren út.

Wâldrock 1999

Wâldrock 1999

03 July 1999

In protte leven wer hjoed yn Burgum. It Wâldrockfestival gong dêr fan 'e middei los. Sa'n 5.000 hardcore en heavymetalfans kamen op it festival ôf. Sa'n 2.500 minsken minder as ferline jier. Under de besikers wol in spesjalen ien trouwens. Aad Bos fan de arbeidsynspeksje. Hy kontrolearret it festival op feilichheid, arbeidsoeren en fansels op desibels. Yn de streamende rein komme de minsken binnen. Net leuk fansels, mar de muzyk makket in hoop goed. Want dêr giet it harren om. En ek Bos. Hy rint al in pear dagen op it festivalterrein.

Wâldrock 1996 (2)

Wâldrock 1996 (2)

01 July 1996

Wâldrock 1996 wie in grut sukses. Neffens de organisaasje gienen der sneon hast 10.000 minsken troch de poarten fan it festivalterrein by Burgum. De Fryske, Nederlânske mar ek in protte Dútske leafhawwers fan heavy metal kamen op it programma ôf dat de organisaasje fan de njoggende edysje fan Wâldrock gearstald hie. By de kassa waard strang kontrolearre op ferbean wapenbesit. Al gau gie it programma los. Wa't it skodholjen, headbangen en sjongen wat te folle waard koe op de kamping njonken it festivalterrein wat bekomme. Jûns wie it hichtepunt fan it festival mei topacts lykas Slayer.

Wâldrock 1996 (1)

Wâldrock 1996 (1)

28 Juny 1996

Foarútblik op de njoggende edysje fan Wâldrock: 9.000 rockfans wurde ferwachte op it grutste rockspektakel fan it noarden by Burgum. In ferdûbeling fan it tal taskôgers, yn fergeliking mei ferline jier. En dat hat neffens de organisaasje alles te krijen mei it programma. De earste leafhawwers fan metalrock sloegen middeis harren tinten al op, op de ymprovisearre kamping by it festivalterrein. De fans komme út Dútslân, Ingelân en Frankryk en fierders út hiel Nederlân. Op dit poadium sille tsien bands optrede, foar in útferkocht hûs.

Wâldrock 1994

Wâldrock 1994

08 July 1994

Burgum makket him op foar it Wâldrockfestival. Op dit jierlikse heavymetalfestival wurdt topdrokte ferwachte. Yn de foarferkeap binne al mear as 2.500 kaartsjes ferkocht. Moarn wurde oer de 3.500 minsken ferwachte. De plysje hat fjouwer ekstra minsken ynset foar de dei, mar ferwachtet gjin problemen. Moarn komme de measte besikers, mar hjoed kamen de earste besikers al binnen en se bliuwe fannacht op de kamping by it festival. Der wurdt noch drok wurke oan de opbou fan it poadium en de organisaasje hat it ferskuorrende drok.