Yn de lêste Under Fjoer fan dit seizoen docht de âld-sportferslachjouwer Theo Reitsma it ferhaal oer syn ûnderfinings mei topsporters en hoe't hy dêr as sjoernalist mei omgien is. Doping, jild en etyk binne de tema's dy't him troch de jongeren oanrikt wurde.
Rense Westra docht syn libbensferhaal út de doeken. Syn sukses as akteur, dy't tagelyk fan ynfloed wie op syn ûndergong en syn drankproblemen, dy't him ticht by de dea brocht ha. Westra fertelt helder oer dy perioade en syn striid om wer omheech te klauterjen.
Pieter Dijkstra fan de Burgumer Folksstjerrewacht bringt it ûnderwerp "kreationisme" op it aljemint. As fertsjinwurdiger fan dizze streaming besiket Dijkstra in wittenskiplike ynfalshoeke foar it leauwen te sykjen, om oan te toanen dat de wrâld en de minsken net troch evolúsje, mar troch in skepper ûntstien binne.
CNV-foaroanman Doekle Terpstra komt op 'e tekst oer it wurk fan de fakbeweging, en op de fraach oft it fakbûn noch wol takomst hat. Ek de persoanlike "drive" fan Terpstra, boeresoan út Wytmarsum, komt oan it ljocht.
Nynke Laverman fertelt oer hoe't sy der yn liket te slagjen om yn in koart skoftke tiid Fryslân te feroverjen mei har aktearwurk en fral mei har Fado-muzyk. De jongerein besykje har ambysjenivo bleat te lizzen en wolle witte hoe heech sy har doelen steld hat.
Friesland Bank-baas Age Offringa giet mei de jongeren yn diskusje oer de fraach oft sy noch wol takomstperspektyf yn Fryslân hawwe. Is der noch wol wurk foar harren en hoe komt it dat Fryslân yn ekonomysk opsicht altyd achter de feiten oan liket te rinnen.
Dûmny Carel ter Linden, dy't bekend wurden is as "huisdominee" fan it Keninklik Hûs, mar ek as opinylieder yn de Protestantse Kerk Nederland, dêr't hy de frijsinnige kant yn fertsjinwurdiget.
Jan Tekstra fertelt oer syn wurk as tekstskriuwer foar ûnder oaren Marco Borsato, mar ek oer syn mislearre projekt mei De Nije Kast, en docht út de doeken hoe't hy syn takomst as muzikant fierder sjocht.
De manlju van Bløf litte har troch Under Fjoer ûntfange yn de Oosterpoort, foarôfgeand oan in optreden yn Grins. It petear giet oer lot en tafal. De dea fan drummer Chris Götte spilet dêr in grutte rol yn. De ôflevering oer Bløf bestiet neist it ynterview út opnamen fan it optreden yn de Oosterpoort.
Friesch Dagblad-sjoernalist en nazi-jager Jack Kooistra is de tredde gast. Hy wurdt ûnderfrege oer syn driuwfearren om goed in heale iuw nei de Twadde Wrâldoarloch noch sa fanatyk te sykjen nei oarlochsmisdiedigers. Kooistra komt der plan-út foar út dat wraak syn belangrykste motyf is. Troch de ynterviews slagget Kooistra deryn om de skepsis by de jongeren om te setten yn bewûndering foar syn hanneljen.