De Nije Moanne: Skoalfúzjes

De Nije Moanne: Skoalfúzjes

14 Maart 1993

Yn de measte gefallen keallet it swier as in skoalle opgean moat yn in gruttere organisaasje of dat in iepenbiere en kristlike skoalle fusearje moatte. It Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert giet op yn skoalmienskip Delta, mar dêr is lang net elkenien it mei iens. Yn Wurdum komme beide skoallen net by elkoar as it giet om in fúzje. Wol goed giet de gearwurking tusken NHL en Van Hall, se ha in stúdzjerjochting biotechnology opset.

De Nije Moanne: Jong talint - om de goede toan

De Nije Moanne: Jong talint - om de goede toan

31 Jannewaris 1993

Trije jonge minsken dy't libje foar de keunst. Ido Jan Stalman komt fan Drachten en is trompettist yn Enschede, Ra van der Hoek is byldzjend keunstner, se hat in atelier yn Ljouwert en Kees Glimmerveen is skriuwer, hy komt oarspronklik fan Ferwert.

De Nije Moanne: Lânbou op dreef

De Nije Moanne: Lânbou op dreef

17 Maaie 1992

Fernijingen yn de lânbou. Lolle Lodewijk yn Sint-Anne hat de jierappel fan de takomst, in skylde, fakuüm ferpakte en foargeare jierappel dy't binnen fiif minuten op tafel stiet. Yn Seisbierrum wurkje paprikatelers Cees Groenewegen en Nynke Hilverda op biologyske wize. En der is in prototype fan in melkrobot betocht. Meiwurkers fan de praktykskoalle fertelle der ûnder oare oer.

De Nije Moanne: De miljeuridders

De Nije Moanne: De miljeuridders

29 Maart 1992

Trije minsken dy't har ynsette foar in better miljeu. Sake Bosma fan Skylge wurket by Greenpeace, hy wol de walfiskjacht stopje en fart op in rubberboatsje op see om de walfisken te beskermjen fan de Japanners dy't de bisten slachtsje. Hy fertelt oer it swiere wurk. Joris Spoor fan Snits hat in recylingbedriuw opset om fan fermealle plestik kerrels folling foar peallen te meitsjen. Gemikus Bart Kuiper is dwaande as ekologysk fruitteler yn Haulerwyk.

De Nije Moanne: Grut yn it lytse

De Nije Moanne: Grut yn it lytse

02 Febrewaris 1992

Fryslân moat it ha fan lytse bedriuwen. Doarp en Bedriuw Fryslân promoatet by bedriuwen dat se har yn doarpen fêstigje kinne. Direkteur Berend Raap fertelt dêroer. We sjogge ek by trije bedriuwen: listefabryk sit yn it eardere molkfabryk fan Surch, Aart van der Linde fertelt oer syn bierbrouwerij Us Heit en we sjogge by Supertron op It Hearrenfean dat de Europeeske fêstiging is fan it Taiwaneeske kompjûterbedriuw.

De Nije Moanne: It talint

De Nije Moanne: It talint

08 Desimber 1991

We sjogge by trije jonge talinten.Turnster Hester Atsma (12) út Tsjalbert traint 20 oeren yn de wike. We sjogge op de training, trainer Jan Willem Veen komt oan it wurd. Natuer- en skiekundige Christiaan Kok (18) út Drachten studearret yn Grins en docht oan ynternasjonale wedstriden mei. Floris te Boekhorst (12) út Ljouwert hat al sûnt syn fiifde selloles. We sjogge by de les fan syn Tsjechyske dosint Jircka Prchal en by de repetysje fan it Frysk Jeugd Orkest.

De Nije Moanne: In oare koers

De Nije Moanne: In oare koers

27 Oktober 1991

We sjogge by de feroare baan yn Wolvgea, de lêste koers op draafbaan Lindenoord en de nije koers op Lindetrek. De Sweedske arsjitekt Lars Sandström fertelt oer de spesjale toplaach en baanfersoarger Hendrik Jonkman lit dat sjen. We sjogge by pikeur Joop Pool syn wurk mei de hynders, by de training en op de baan en feedokter Folkert van der Veen komt ek oan it wurd. Fierder sjogge we de gasten fan de baan, dy't komme foar de hynders en it gokken.

De Nije Moanne: Tsjerken te keap (1)

De Nije Moanne: Tsjerken te keap (1)

30 Juny 1991

Hieltyd mear tsjerken komme leech te stean. Watfoar oare bestimming kin foar de gebouwen fûn wurde? Yn Sybrandahûs binne noch wol tsjerketsjinsten mar eins binne der te min minsken en moat it gebou ferkocht wurde. Yn Lichtaard binne oekumenyske byienkomsten yn de tsjerke. Yn Balk is diskoteek The String yn de tsjerke makke, de dj draait op de kânsel. Op tal fan oare plakken binne ek nije bestimmingen fûn: apparteminten (Wergea), sylskoalle (Jiskenhuzen), garaazje (Wurdum), poppeteäter (Skuorregea), atelier (Raard en Boer) en wenhûs (Kûbaard).

De Nije Moanne: Wurkje oan 'e dyk

De Nije Moanne: Wurkje oan 'e dyk

02 Juny 1991

De provinsje is drok mei it oanlizzen fan nije diken en it ferdûbeljen fan besteande diken. Ferskate partijen prate oer it belang fan de ynfrastruktuer, lykas in yngenieur, in direkteur fan in transportbedriuw, mar ek aspekten as feilichheid en duorsumens komme oan de oarder.

De Nije Moanne: De útfiners

De Nije Moanne: De útfiners

07 April 1991

Trije soarten útfiners komme oan bod: by doarrefabrikant Halbertsma yn Grou brûke se flaaks as produkt tusken it hardboard, by de agraryske hegeskoalle besykje se iel yn te setten as biologyske bestriding fan boaiemynsekten en by masinefabryk Van Brummelen yn Ljouwert betinke se allerhanne soarten masines, lykas in spekynpakmasine foar Frisia yn Harns. De ynnovaasjes moatte de produksjeprosessen ferbetterje.

De Nije Moanne: It ferkiezingssirkus

De Nije Moanne: It ferkiezingssirkus

03 Maart 1991

Op 6 maart meie de kiezers stimme by de Provinsjale Steateferkiezingen. Yn de oanrin dêrnei ta sjogge we by ferskate kandidaten op kampanjetoernee: Sicko Heldoorn fan de PvdA, Marten van der Veen fan de FNP en Minke van der Ploeg fan it CDA.

De Nije Moanne: De grutte skaal

De Nije Moanne: De grutte skaal

02 Desimber 1990

It giet oer skaalfergrutting, dat komt hieltyd mear foar: by bedriuwen, postkantoaren en suvelbedriuwen. Yn Aldskoat sit in postkantoar yn de supermerk, mar dy moat ticht want de PTT wol gruttere kantoaren iepenje mei mear service. Pleatslik Belang en de ynwenners binne der op tsjin. Yn de suvel is ek in grutte fúzje tusken de CCF en Frico Domo. Fan twa bedriuwen ien meitsje falt net ta. En yn it basisûnderwiis binne ek plannen foar skaalfergrutting. As in skoalle minstens 250 learlingen ha moatte soe, bliuwe der mar 13 skoallen oer yn Fryslân.

Pages