De Nije Moanne: Tsjerken te keap (1)

30 Juny 1991

Hieltyd mear tsjerken komme leech te stean. Watfoar oare bestimming kin foar de gebouwen fûn wurde? Yn Sybrandahûs binne noch wol tsjerketsjinsten mar eins binne der te min minsken en moat it gebou ferkocht wurde. Yn Lichtaard binne oekumenyske byienkomsten yn de tsjerke. Yn Balk is diskoteek The String yn de tsjerke makke, de dj draait op de kânsel. Op tal fan oare plakken binne ek nije bestimmingen fûn: apparteminten (Wergea), sylskoalle (Jiskenhuzen), garaazje (Wurdum), poppeteäter (Skuorregea), atelier (Raard en Boer) en wenhûs (Kûbaard).