De Nije Moanne: De grutte skaal
It giet oer skaalfergrutting, dat komt hieltyd mear foar: by bedriuwen, postkantoaren en suvelbedriuwen. Yn Aldskoat sit in postkantoar yn de supermerk, mar dy moat ticht want de PTT wol gruttere kantoaren iepenje mei mear service. Pleatslik Belang en de ynwenners binne der op tsjin. Yn de suvel is ek in grutte fúzje tusken de CCF en Frico Domo. Fan twa bedriuwen ien meitsje falt net ta. En yn it basisûnderwiis binne ek plannen foar skaalfergrutting. As in skoalle minstens 250 learlingen ha moatte soe, bliuwe der mar 13 skoallen oer yn Fryslân. We sjogge by in skoalle yn Hitsum (37 bern) en yn Frjentsjer (180 bern).