LTV_100-jier-Frysk-yn-it-underwiis_WR

Hûndert stapkes: 100 jier Frysk op skoalle

28 Oktober 2007

Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân - de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting - wurdt sjen litten hoe't it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him de fraach foarlein hoe't hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting. Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis. We sjogge op in skoalle yn Grou dêr't se Fryske dagen hawwe en by in teleles op it middelber ûnderwiis yn Snits.

LTV_Ald-Dyk-2_WR

Ald Dyk (diel 2)

11 Febrewaris 2007

Diel twa fan de twadielige rige oer de Aldebiltdyk, makke troch sineast Henk Penninga. We sjogge de Alde Biltdyk, de langste strjitte fan Nederlân. De dyk is goed 14 kilometer lang en de hûsnûmers rinne oant en met 1229. We komme yn de kunde mei bewenners en minsken dy't der har brea fertsjinje sa as de SRV-man, boer en garaazjehâlder. Aldert Kuperus die ûndersyk nei de dyk.

LTV_Ald-Dyk-1_WR

Ald Dyk (diel 1)

10 Jannewaris 2007

Diel ien fan de twadielige rige oer de Aldebiltdyk, makke troch sineast Henk Penninga. We sjogge de Alde Biltdyk, de langste strjitte fan Nederlân, eader seekearend, no in slieperdyk. We komme yn de kunde mei bewenners en minsken dy't der har brea fertsjinje sa as de kroechbaas en de SRV-man. Aldert Kuperus die ûndersyk nei de dyk.

LTV_Sult-yn-beweging_WR

Sult yn beweging

03 Desimber 2006

Yn 1996 waard teätergroep Sult oprjochte yn de Súdwesthoeke. Doel wie om lokaasjeteäter te meitsjen. Sult bestiet 10 jier en mei de leden fan de earste oere, Pieter Stellingwerf, Ytsje Hettinga, Ytsje Kramer, Feikje Hovenga en Jan Eekma, sjogge we werom. Ek sjogge we by de repetysjes foar it nije stik en by teatraal bedriuw BUOG dat dekôrs makket.

LTV_Spoaren-fan-Saskia-en-Rembrandt_WR

Spoaren fan Saskia en Rembrandt

26 Novimber 2006

Op de gevel fan it advokantekantoar fan Anker & Anker oan de Ossekop yn Ljouwert is in plakette ûntbleate: it is it bertehûs fan Saskia van Uylenburgh, de frou fan skilder Rembrandt van Rijn. Yn dit Rembrandtjier is in soad omtinken foar him en wurdt ek mear bekend oer de Fryske Saskia. Se wenne ek yn Sint-Anne. Ferskate kenners fertelle oer har libben en fansels sjogge we ek in soad sketsen en skilderijen fan de master.

LTV_Twa-Friezen-op-it-Binnenhof_WR

It ferhaal fan Jacques en de ko; Jacques Tichelaar en Rendert Algra op it Binnenhof

19 Novimber 2006

We folgje de Twadde Keamerleden Jacques Tichelaar (PvdA) en Rendert Algra (CDA) yn de oanrin nei de ferkiezingen. Se fiere beide kampanje, op de merk, op strjitte, mei in ko (Kies in Fries) en mei flyers.

LTV_s-team_De-opfang-fan-probleemjongeren_WR

S-team, de opfang fan probleemjongeren

15 Oktober 2006

It S-team stiet foar Straattalent-team. Jongeren dy't sels problemen hienen sykje no kontakt mei oare jongeren dy't tusken wâl en skip driigje te fallen. De oanpak fan 'bemoeizorg' docht fertuten en it projekt hat in priis krigen. Trije leden fan it team fertelle oer har wurk.

LTV_Ofskied-fan-in-machtich-man_Riemer-van-der-Velde_WR

Ofskied fan in machtich man: Riemer van der Velde

19 Septimber 2006

Portret fan Riemer van der Velde dy't ophâldt as foarsitter fan fuotbalklup SC Hearrenfean. We folgje him yn it wurk, as scout fan nij talint yn it bûtenlân, by syn hobby's fiskje en golvje. Hy fertelt oer syn karriêre en ek frou Annie komt oan it wurd. Legindarysk binne de feesten as er by it SKS skûtsjesilen yn Langwar iepen hûs hâldt. Allerhanne freonen út de sport komme del en krije bakte fisk.

LTV_Op-nei-laplan_Band-Van-Wieren_WR

Op nei Laplân: de band Van Wieren

31 Desimber 2006

We folgje de Fryske rockband Van Wieren dy't meidocht oan it sjongfestival foar minderheidstalen Liet Ynternasjonaal, dat yn Sweedsk Laplân is. It is de earste bûtenlânske reis fan de band dy't hege ferwachtingen fan it optreden hat. We sjogge by de repetysjes, prate mei de oare tsien dielnimmers en sjuerylid Beart Oosterhaven. Ek sjogge we fragminten fan de show mei optredens. Uteinlik wurdt Van Wieren sechsde, de winner is de Samyske dielnimmer.

LTV_Reve-yn-Fryslan-2_Nader-tot-U_WR

Reve yn Fryslân (diel 2): Nader tot U

24 Desimber 2006

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Hy skreau dêr it brieveboek Nader tot U, dat yn it Dútsk oerset waard en waard dêr roomsk. Der wie eins gjin kontakt tusken Reve en de Fryske literatuer, al hat Frysk skriuwer Trinus Riemersma wolris nei him ta west op syn brommerke. Reve trede op in dichtersjûn yn De Harmonie en krige doe spul mei Simon Vinkenoog. LC-sjoernalist Pieter de Groot fertelt deroer. Roomsk geastlike Antoine Bodar is fan fan it wurk fan Reve.

LTV_Reve-yn-Fryslan-1_Een-huisje-in-Fryslan_WR

Reve yn Fryslân (diel 1): Een huisje in Friesland

12 Desimber 2006

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Mei syn partners, Henk van Manen (Woelrat) en Willem van Albada (Teigetje) sjogge we werom op dy tiid. Fia kunde kaam Reve yn Greonterp telâne, hy socht der rêst en in eigen plak. Ek doarpsgenoaten komme oan it wurd en de dochter fan de kroechbaas yn Blauhús dêr't Reve geregeld kaam en ek nei de Roomske mis gie.

LTV_Ferdronken-ferline_WR

Ferdronken ferline

12 Novimber 2006

Yn de rin fan de iuwen binne hiel wat doarpen, stêden en eilannen yn it wetter ferdwûn. We sjogge by trije projekten fan stikken ferdronken lân. By Eanjum litte terpôfgravingen sjen dat minsken op in terp wennen om har te beskermjen tsjin it wetter, der wienen noch gjin diken. Op Skiermûntseach binne ûndersikers al in jier lang op syk nei spoaren fan it eardere eilân Bosch. En archeologen en archeologyske ûndersikers stride oer it wol of net bestean fan Esonstêd, dat dogge se mei boarnen en opgravingen.

Pages