Hûndert stapkes: 100 jier Frysk op skoalle

28 Oktober 2007

Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân - de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting - wurdt sjen litten hoe't it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him de fraach foarlein hoe't hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting. Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis. We sjogge op in skoalle yn Grou dêr't se Fryske dagen hawwe en by in teleles op it middelber ûnderwiis yn Snits. De ûnderwiisynspekteur komt oan it wurd en der is argyfbyld fan in kongres út 1968.