LTV_Titus-Brandsma-1881-1942_WR

Titus Brandsma 1881-1942

30 Desimber 2008

Dokumintêre oer Titus Brandsma (1881-1942). Hy wie pater by de karmeliten, heechlearaar, publisist en fersetsstrider. Hy waard ombrocht yn in konsintraasjekamp. Gryt van Duinen prate û.o. mei Ton Crijnen dy't in boek oer Titus Brandsma skreau. Yn 2022 waard Brandsma hillich ferklearre.

LTV_Strawelte-ruger-as-fruger_WR

Strawelte, rûger as froeger

23 Novimber 2008

Programmamakker Piter Tjeerdsma folge de willepunkband Strawelte by de tariedings foar harren reunykonserten yn 2008. Ek mei histoaryske bylden fan optredens yn Litouwen yn 1989 en it ôfskiedskonsert yn Bûtenpost yn 1990.

LTV_Wiet-lan-droege-fuotten-1_WR

Wiet lân, drûge fuotten (1)

06 Novimber 2008

Earste diel fan in twalûk út 2008 oer de gefolgen fan de klimaatferoarings. Wat is nedich om yn Fryslân ek yn de takomst drûge fuotten te hâlden? Hoefolle moatte de seediken ferhege wurde en wat is nedich om de Fryske boezem 'klimaatproof' te meitsjen?

LTV_Wetter-as-ekonomyske-motor-2_WR

Wetter as ekonomyske motor (2)

13 Novimber 2008

Twadde diel fan it twalûk oer Fryslân as wetterprovinsje. Yn dizze ôflevering: nije technology om wetter te suverjen, en hoe't je dêr in ekonomysk model fan meitsje, dat wol sizze, jild mei fertsjinje kinne.

LTV_De-Schaduw-foar-it-fuotljocht-Havank-ynkoart2014_WR

De Schadum foar it fuotljocht: Havank

05 Oktober 2008

Programmamakker Henk te Biesebeek sketst yn dizze dokumintêre út 2008 in portret fan detektiveskriuwer Havank, dy't yn 1904 berne waard yn Ljouwert as Hans van der Kallen. Syn boeken yn de Zwarte Beertjes-sery, mei De Schaduw as haadpersoan, wiene in grut sukses. Nei syn dea yn 1964 hat skriuwer/sjoernalist Pieter Terpstra syn skriuwen oernaam en trochset, sa binne der noch 24 boekjes útbrocht. Dêrnei wie it dien, it ferkocht net mear, it wie te wollich en te âlderwetsk. Utjouwerij Bruna hie it idee om De Schaduw noch in kear ta libben te bringen yn in nij boek.

LTV_Portret-Ira-Judkovskaja_WR

Portret Ira Judkovskaja

26 Oktober 2008

Portret fan artistyk lieder Ira Judkovskaja fan toanielselskip Tryater. De fan oarsprong Russyske kaam yn 1990 nei Nederlân en weaget har no oan it Frysk. Tryater komt mei har grutste teaterproduksje ea, de Alvestêdetocht, fanwege it 100-jierrich bestean fan de tocht.

LTV_It-Biltse-Goud_WR

It Biltse Goud

19 Oktober 2008

De ierappel hat him sûnt de yntroduksje yn 'e 16e iuw yn Europa ûntwikkele ta it fjirde lânbougewaaks; nei weet, rys en mais. De ierappel waard rûn 1536 meinommen fan Súd-Amearika nei Spanje. De doku giet yn op de histoarje, de feredeling en de ekonomyske wearde fan de ierappel.

LTV_Griend-te-gast-by-de-fugels_WR

Griend; te gast by de fûgels

28 Septimber 2008

Griend is it lytste waadeilân fan Nederlân. It is in beskerme fûgelreservaat. Fan april oant en mei july wennet der in biologe-echtpear. Omrop Fryslân filme op it eilân om te sjen hoe't de minsken harren ferhâlde ta de fûgels.

LTV_FRYSLANBOPPE1992_WR

Fryslân Boppe: Slach by Warns en Frico Domo

25 Oktober 1992

Gryt van Duinen liedt twa diskusjes: Klaas Jansma en Durk van der Schaaf prate oer de betinking fan de Slach by Warns. De twadde diskusje giet oer de reorganisaasje by Frico Domo, mei boeren, wurknimmers en minsken fan it fakbûn.

Under de namme Fryslân Boppe stjoerde Omrop Fryslân tusken 1991 en 1994 op de sneinen in rige diskusjes oer maatskiplike ûnderwerpen út, fanút de Koperen Tuin yn Ljouwert of in oare bysûndere lokaasje.

LTV_Fryske-Akademy-70jier_WR

Fryske Akademy 70 jier

07 Desimber 2008

De Fryske Akademy bestie yn 2008 70 jier. Omrop Fryslân folge in pear ûndersikers: wurdboekman Piter Boersma, taalûndersiker Arjen Versloot en histoarikus Hans Mol. Ek direkteur Rein Salverda en rektor magnifikus Jacob Fokkema fan de TU Delft komme oan it wurd.

LTV_GERRIETPOSTMA_WR

Portret fan keunstner Gerriet Postma

29 Juny 2009

Hy kin sjoen wurde as ien fan de súksesfolste Fryske keunstners: Gerriet Postma fan Twizelerheide. Hy eksposearre yn München, Barcelona en New York. Omrop Fryslân wie begjin 2009 úteinsetten mei opnamen foar in portet fan de eigensinnige Fries, doe't er ein febrewaris dat jier ûnferwachts ferstoar yn syn wenplak Grins. Hy waard 76 jier. Oan de hân fan de lêste opnamen en argyfmateriaal is in byld makke fan it libben fan Gerriet Postma.

LTV_FryslanDOK_Fierljeppers-yn-Korea-1_WR

Fierljeppers yn Korea (diel 1)

18 Desimber 2008

De fjirde Wrâldspelen foar net-olympyske sporten wiene yn de stêd Busan yn Súd-Korea. Neist kompetysjesporten binne der ek demonstraasjesporten, dy't letter mooglik in fêst ûnderdiel fan de spelen wurde kinne. Yn 2008 wiene der fierljepdemonstraasjes, bedoeld om mear omtinken foar de sport te generearjen yn oare plakken op de wrâld. Omrop Fryslân folge de Nederlânske delegaasje fierljeppers op harren missy.

Pages