Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_It-Poalske-Spoar_WR

It Poalske spoar

28 Jannewaris 2007

Wat Friezen fuortsmite krijt troch it kringloopbedriuw fan Broer de Ringh yn Boalsert in nije bestimming yn Poalen. Alle wiken geane frachtweinen fol âlde meubels en oar guod de grins oer. En sawol yn Poalen as Nederlân fertsjinje tsientallen minsken - dy't oars min oan 'e slach komme - harren brea mei dizze hannel.

Sadwaande_14_03_2001_Sjonge

Sadwaande: Sjonge

14 Maart 2001

Dizze Sadwaande giet oer sjongen. We sjogge by in bernekoar en in klassyk koar en prate mei de diriginten Jildou Talman en Leendert Runia. Ek sjogge we by in les fan in sjongpedagooch en by sigeunermuzyk. Prinses op learzens sjongt lekker yn de badkeamer.

LTV_IN_NIJE_GENERAASJE_131096_WR

In nije generaasje: Fryske skriuwers yn Grins

13 Oktober 1996

Portret fan fjouwer jonge Fryske skriuwers yn de stêd Grins: Albertina Soepboer, Lolkje Hoekstra, Meindert Talma en Nyk de Vries. Wat bynt har en hoe sjogge se nei de Fryske literatuer en de Fryske ynstituten? Albertina Soepboer fertelt û.o. oer in twatalige foarstelling, Lolkje Hoekstra treedt op by de iepening fan in literêr kafee en Meindert Talma en Nyk de Vries meitsje mei har beiden it leechdrompelige tydskrift De Blauwe Fedde.