It Petear: Roel Oostra

10 Oktober 1995

Bouke Oldenhof yn petear mei âld-direkteur Roel Oostra fan teater De Lawei yn Drachten. Oostra fertelt oer syn stap fan banketbakker nei teaterdirekteur en de groei fan de skouboarch yn Drachten.

It Petear wie it earste ynterviewprogramma op de Fryske telefyzje dêr't min of mear bekende Friezen oan tafel skoden by presintatoren Klaas Jansma en Bouke Oldenhof. Sy praten wykliks om bar mei de studiogast oer syn of har libben yn de polityk, de teater- of muzykwrâld, de tsjerke, de literatuer, de Fryske sporten of it bedriuwslibben. It programma wie fan febrewaris 1994 ôf trije jier lang op Omrop Fryslân te sjen en hjitte earst Yn Petear Mei, letter waard dat It Petear. Meiïnoar kamen der 136 gasten nei de Fryske studio foar in persoanlik fraachpetear.