In nije generaasje: Fryske skriuwers yn Grins

13 Oktober 1996

Portret fan fjouwer jonge Fryske skriuwers yn de stêd Grins: Albertina Soepboer, Lolkje Hoekstra, Meindert Talma en Nyk de Vries. Wat bynt har en hoe sjogge se nei de Fryske literatuer en de Fryske ynstituten? Albertina Soepboer fertelt û.o. oer in twatalige foarstelling, Lolkje Hoekstra treedt op by de iepening fan in literêr kafee en Meindert Talma en Nyk de Vries meitsje mei har beiden it leechdrompelige tydskrift De Blauwe Fedde. Ek sjogge we Meindert by de geheime stjoerder Nightrider dê'r't er eins begûn is mei skriuwen en we sjogge in optreden fan Brozius, de band fan Meindert en Nyk.