It Petear: Ids Willemsma

23 Jannewaris 1996

Bouke Oldenhof praat mei de Hallumer keunstner Ids Willemsma, ûnder mear bekend fan syn timpeltsje op de seedyk by Marrum.

It Petear wie it earste ynterviewprogramma op de Fryske telefyzje dêr't min of mear bekende Friezen oan tafel skoden by presintatoren Klaas Jansma en Bouke Oldenhof. Sy praten wykliks om bar mei de studiogast oer syn of har libben yn de polityk, de teater- of muzykwrâld, de tsjerke, de literatuer, de Fryske sporten of it bedriuwslibben. It programma wie fan febrewaris 1994 ôf trije jier lang op Omrop Fryslân te sjen en hjitte earst Yn Petear Mei, letter waard dat It Petear. Meiïnoar kamen der 136 gasten nei de Fryske studio foar in persoanlik fraachpetear.