Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De Nije Moanne: Grut yn it lytse

De Nije Moanne: Grut yn it lytse

02 Febrewaris 1992

Fryslân moat it ha fan lytse bedriuwen. Doarp en Bedriuw Fryslân promoatet by bedriuwen dat se har yn doarpen fêstigje kinne. Direkteur Berend Raap fertelt dêroer. We sjogge ek by trije bedriuwen: listefabryk sit yn it eardere molkfabryk fan Surch, Aart van der Linde fertelt oer syn bierbrouwerij Us Heit en we sjogge by Supertron op It Hearrenfean dat de Europeeske fêstiging is fan it Taiwaneeske kompjûterbedriuw.

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

28 Maart 2005

Fan 'e middei is de 18e edysje útein setten fan it Aaipop-festival yn Nijlân. Aaipop is in festival mei útslútend Fryske bands dy't sjonge yn de Fryske taal. De opset is oars as oare jierren. Dat hat te krijen mei de ferbou fan multifunksjoneel sintrum De Mande dêr't Aaipop hâlden wurdt. Sa is de harksankjesseal ferdwûn. Mar der is wol in grutte tinte by kaam. Sa kin de organisaasje mear minsken kwyt, al wie it healwei de middei noch net sa drok. It festival is wol útferkocht.

180702_SADWAANDE_20_05_1998.mp4

Sadwaande: Kobus Walsma achter it stjoer, skeaclaims, Fryske Diken en oplieding (diel 5)

20 Maaie 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear yn de rige: in bekende Fries achter it stjoer, mei deputearre Kobus Walsma. Yn de rige oer ferkearsfeilichheid kontrolearret de plysje op alkohol yn it ferkear. Yn de searje oer twa froulju dy't in oplieding dien ha om wer oan it wurk te kinnen sjogge we by de sollisitaasjeklup fan it arbeidsburo. En we prate mei advokaat Piet Sieswerda oer de neisleep fan in ûngelok, fersekering en skeaclaims.