Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Nynke-Laverman_WR

Nynke Laverman - Ik fiel wat ik sjong

23 April 2006

Nynke Laverman is dwaande mei har nije programma 'De maisfrou'. Se fertelt oer har ideeën en ynspiraasjeboarnen. De teksten binne skreaun troch dichter Albertina Soepboer, dy't har ynspirearje liet troch Meksiko, it lân dêr't se beide ek hinne west ha. Se fertelle oer de teksten en de muzyk en we sjogge by de opnamen en de muzikale ynfolling fan slachwurker Sytze Pruiksma.

50 jier Frysk op skoalle

50 jier Frysk op skoalle

01 Septimber 1987

In dokumintêre oer 50 jier Frysk op skoalle. Mei ûnder oare it Fryske bernekoar, in Fryske les op de Prins Bernhardskoalle yn Ljouwert en en Fryske berneboeken.

LTV_NYNKE_HICHTUM_NL_250301_WR

Skriuwerslibben: Nynke fan Hichtum

25 Maart 2001

Portret fan Nynke fan Hichtum, pseudonym fan Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer, berneboekeskriuwster en oant de skieding frou fan Piter Jelles Troelstra. Der is noch altyd in soad belangstelling foar har, der is in roman en biografy ferskynd, in tentoanstelling en in film. Filmmakker Pieter Verhoeff, biograaf Aukje Holtrop en FLMD-direkteur en skriuwster Tineke Steenmeijer-Wielenga beljochtsje libben en wurk fan de frou dy't libbe fan 1860 oant 1939.