Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

HJOED_190101_RepoBelslydjeienFeanhoop

Tariedingen foar belslydjeiwedstriid op De Feanhoop

19 Jannewaris 2001

Foar it earst yn fjouwer jier soe der wer in wedstriid belslydjeien, in âlde Fryske tradysje, organisearre wurde op De Feanhoop. Wylst de organisaasje drok dwaande is mei de tariedingen wurdt stadichoan dúdlik dat it iis minder sterk is as tocht waard.

CAMPING_2_WR

In dei op de camping 2: Hindeloopen yn Hylpen

16 July 1997

Sfearympresje fan de camping Hindeloopen yn Hylpen, oan de Iselmar, en de tydlike gasten. De camping lûkt in soad wettersporters dy't komme om te surfen mar ek om te fiskjen. Der binne in soad Dútske fakânsjegongers en it gers moat fansels ek meand wurde.

LTV_LESTELUDEN_4_WR2

De lêste lûden fan in taal: It stille lân (I) (diel 4)

09 Desimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit fjirde diel binne we yn Kasjoebië, yn it noarden fan Poalen (by Gdansk). It Kasjoebysk is in Slavyske taal, tal fan dialekten binne útstoarn. It wie in ynformele thústaal mar de lêste jierren wurdt it wer ûnderwiisd op skoallen. We hearre oer de skiednis fan de Kasjoeben en sjogge yn Feanwâlden dêr't in delegaasje op besite is op de twatalige skoalle dêr.