Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WR_Bommen-ut-e-bosk

Bommen út de bosk

24 April 2005

Fan ein septimber 1944 ôf wurde út de bosk fan Riis santich V2-raketten wei sketten. De ferjildingsaksje fan de Dútsers hat as doel Ingelân en de haven fan Antwerpen. Yn Gaasterlân makke dat in grutte yndruk. Tsjûgen fertelle oer dy tiid en der is in soad argyf te sjen út de Twadde Wrâldoarloch, it fabryk dêr't de raketten makke waarden en de skea troch de bombardeminten yn Antwerpen.

Wyn op woansdei: Feminisme

Wyn op woansdei: Feminisme

30 Oktober 2002

Programmamakker Gerard van der Veer is benijd hoe't it mei it feminisme stiet. Is de emansipaasjebeweging noch sa fitaal as eartiids of is se op stjerren nei dea? Hy giet by trije feministes fan trije ferskillende generaasjes lâns om in antwurd op dizze fraach te krijen. Neffens de 56-jierrige Henriëtte Bolléé, se stie earder op de barrikaden, stelt it feminisme net folle mear foar en moat de jongere generaasje froulju folle mear fan har hearre litte.

SADWAANDE_020998_V2

Sadwaande: Kleur

02 Septimber 1998

Dizze Sadwaande giet hielendal oer kleur. We sjogge by it fervefabryk Akzo Nobel yn Snits, prate mei in ynterieurarsjitekt dy't bedriuwen en partikulieren advisearret oer kleurgebrûk.We sjogge by in partikulier dêr't er saken feroare hat. Ap Timmermans is fan de wolstânskommisje Hûs en Hiem dy't besjocht oft kleurgebrûk fan hûzen past yn it strjitbyld. We prate mei in reklameburo dat logo's ûntwerpt foar bedriuwen en kleuren binne belangryk om't se bepaalde assosjaasjes oproppe. Ingrid lit útsykje watfoar kleurtype oft se is.