Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

PETEAR_PETERKARSTKAREL

It Petear: Peter Karstkarel

23 Maaie 1995

Keunst- en arzjitektuerhistorikus Peter Karstkarel praat - yn it Snekers - mei Bouke Oldenhof oer syn alsidige wurksumheden.

Wurktiid TV: Fleksibel wurkje fia in pool

Wurktiid TV: Fleksibel wurkje fia in pool

21 Juny 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Dizze ôflevering is de tredde yn in rige oer wurk fia it útstjoerburo. Roelof Schriemer wurke as personielsfunksjonaris by Frico Domo, mar waard ûntslein by in reorganisaasje. No wurket er by útstjoerburo Start yn in pool fan minsken dy't fleksibel ynset wurde kinne by sosjale tsjinsten as dy krapte ha troch sykte of fakânsje. Wietie Douma fan Start en Oebele Herder, haad Sosjale Saken Ljouwert, fertelle oer har ûnderfiningen mei de pool.

7de klasse A 04: Cambuur 69 - Blokzijl

7de klasse A 04: Cambuur 69 - Blokzijl

30 Septimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Cambuur 69 - Blokzijl 3-6. Foarsitter Blokzijl klaget oer minne ûntfangst.