Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0111: Nei-Aperij

Baas Boppe Baas 0111: Nei-Aperij

01 Jannewaris 2002

Under it iten fertelt Cynthia oan har pake en beppe dat se in nij húsdier ha. In lyts en aardich aapke. Mar wat dit bist jûns allegearre útfret is net sa moai...

LINKK 24: De dea

LINKK 24: De dea

26 Septimber 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer de dea. As ien stjert moat der in hiel soad regele wurde, we sjogge by in krematoarium en prate mei in begraffenisûndernimmer, stienhouwer, kistemakker en blomskikker. En we prate mei fjouwer bern dy't in famyljelid ferlern ha oer de dea en rou.

180705_SADWAANDE_OER_BYLEAUWE_17_03_1999.mp4

Sadwaande: Byleauwe

17 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer byleauwe. Rinne we wol of net ûnder in ljedder troch? Wêrom hat in hotel net in keamer nûmer 13? We prate deroer mei Jantje Bazuin yn it tsjerkje fan Ketlik en âld-fiskerman Foppe Gerlsma fan Hylpen wit aardich wat ferhalen te fertellen oer saneamde spûkerij op en by it wetter. En watfoar rituelen ha de jeugdspilers by iishockey?