Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 3

Linkk Ekstra: Do makkest teater 3

31 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 3 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Dizze kear giet it oer ljocht. Se sjocht by de tariedingen fan de teatertoer fan Twarres dêr't ljocht in soad fan de sfear útmakket. Patrick Kramer is beljochter en lit it effekt fan de ferskate soarten ljocht sjen. Ek yn in telefyzjestudio is ljocht hiel belangryk. Learlingen fan de MBO-oplieding fotonica leare oer ljocht.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

15 Oktober 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by de training fan trainer Sicko Velstra. Hy leart de jonges op goal sjitten, passen en it belangrykste: oerspyljen.

Sjoch mar: Westernride

Sjoch mar: Westernride

30 Maart 1998

Western hynderride komt fan oarsprong út Amearika mar wurdt ek hieltyd populêrder yn Fryslân. Reden foar Arjen de Boer om op kursus te gean.