Generaasjes 2: Tjalling en Berber van den Berg

12 Maart 2006

Tjalling en Berber van den Berg binne heit en dochter. Heit Tjalling is turnlearaar en brocht fernijing yn de turnwrâld mei materialen, metoades en akkommodaasjes. Sa betocht hy in nij soarte fan falkûle mei skom yn gearwurking mei Sidijk út Grou. Hy is ek nau belutsen by de bou fan de nije turnhal yn Sportstad Heerenveen dat by it Abe Lenstrastadion boud wurdt. Dochter Berber is 18 jier, sit op it VWO en riedt har ta op de kwalifikaasjes foar it EK. Har doel is om de Olympyske Spelen yn 2008 te heljen en se wol sjirurch wurde. We sjogge se by trainingen en se prate oer de sport en de impact op har libben en de rol fan âlden by it omgean mei tsjinslaggen. Ek oare minsken komme oan it wurd lykas trainer Gerben Wiersma en de fysioterapeut.