Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld diel 9: Obe Postma

Skriuwers yn byld diel 9: Obe Postma

26 Maaie 1988

Obe Postma út Koarnwert wie yn de tweintichste ieu in bekende Fryske dichter. ‘It sil bestean’ is in bekende gedichtenbundel fan de man en dêr wûn hy de Gysbert Japicxpriis mei. Yn de lêste útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' kinne jo sjen nei wat er allegearre yn syn libben barde.

Mata Hari: de ferbylding fan in myte

Mata Hari: de ferbylding fan in myte

14 Oktober 1990

In greep út de Mata Hari-fertolkingen leart, dat elk wer mei syn eigen Mata Hari oankomt. Hieltyd op 'e nij sprekt se ta de ferbylding: de dûnseres, dy't as spionne de deastraf krige. Yn it ramt fan it Frysk Festival ferdjippe Rients Gratama him yn har turbulinte libben. De lêste moannen wie in entûsjaste ploech dwaande om harren eigen Mata Hari yn in musical stâl te jaan.

Wurktiid TV: Dropfabryk Van Slooten

Wurktiid TV: Dropfabryk Van Slooten

14 Febrewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer dropfabryk Van Slooten yn Jirnsum. Sûnt 1918 makket it fabryk snobbersguod en benammen de autodrop makke se bekend. Winegums wurde populêrder en de hurde sâlte drop is minder favoryt. M. Westra, direkteur, fertelt oer de produksje en K. Kingma fynt tal fan nij smaken en produkten út.