Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Veonhoop-festival troch de jierren hinne

Veonhoop-festival troch de jierren hinne

29 July 1994

It Veenhoop-festival op De Feanhoop is ferneamd, mei syn tûzenen besikers, optredens en benammen in hiel soad bier, lûkt it altyd de oandacht. Yn Hjoed sjogge we by de tariedingen fan trije ferskillende edysjes en komme ferskate campinggasten oan it wurd.

LTV_THEUNIS_PIERSMA_280304_WR2

Portret fan biolooch professor Theunis Piersma

28 Maart 2004

Theunis Piersma docht ûndersyk nei de mients (kanoet) dêr't it min mei giet. We folgje him yn syn wurk by it NIOZ op Teksel en by de studinten yn Haren. De befreone sjoernalist Koos van Zomeren folget Piersma al langer en skriuwt oer syn wurk. Piersma ûndersiket it gedrach fan de mientsen en wat se ite. De Waadsee is in belangryk foerazjeargebiet.

LTV_HILDEGARD_DRAAIJER_170598_WR

Yn kadâns, portret fan koreografe Hildegard Draaijer

17 Augustus 1998

Hildegard Draaijer makket dûnsfoarstellingen dêr't se deistige sitewaasjes fan it libben yn útfergruttet, sadat it in komyske lading krijt dêr't ek tragyk bykomt. Yn dit portret fertelt se oer har jeugd yn Makkum, hoe't se fia de muzyk by de majorettes kaam en doe by ballet. Se folge de dûnsakademy, wurke by ferskate dûnsselskippen mar is al in skoft as koreografe dwaande. We sjogge repetysje fan ûnder oare in beukerfoarstelling en in foarstelling mei live-muzyk.