Ik kin hast alles...

20 Maart 2005

Yn it programma folgje we trije minsken fan tritich dy't wurkje en libje mei harren handicap. Nynke van der Kooi is blyn. Se wennet yn Frjentsjer en is ta har spyt wurkleas nei't in kontrakt ôfrûn wie, mar har dagen binne goed fol mei fan alles. Sander Gangabisoensingh hat gjin earmen. Hy wennet op It Hearrenfean en wurket as DTP-er en webdesigner by in reklameburo. Hy docht alles op de kompjûter mei syn fuotten. Cees Roest wennet yn Sigerswâld en is nei in dwerslesy diels ferlamme. Hy wurket by in leanbedriuw. We sjogge de trije haadrolspilers yn har wurk, thús en ûnderweis. Mei helpmiddels as in rolstoel en in brailleregel op de pc komme se in hiel ein.