Ekspedysje Spitsbergen: walfiskfarders en wittenskippers op de Noardpoal

13 Febrewaris 2005

De Fries Louwrens Hacquebord docht al 25 jier ûndersyk op Spitsbergen, flakby de Noardpoal. De heechlearaar fan de Rijksuniversiteit Groningen is dêr oait begûn mei de opgraving fan it legindaryske walfiskfangstation Smeerenburg. Willem Barentsz fan Skylge fear yn 1596 nei de Noardpoal, op wei nei Azië en ûntduts as earste it nije lân dat er Spitsbergen neamde. Hy oerwintere op Nova Zembla en oerlibbe dat net. We sjogge de heechlearaar mei syn team de tariedingen dwaan foar it ûndersyk op Hornsund, lykas it keapjen fan in gewear tsjin de iisbearen. Nei in lange reis komme se oan by it ferfallen fangstasjon. Mei syn team ûndersiket er de avifauna yn de 17de iuw fia de bonkjes fan fûgels.