Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_VAN_HARTE_PARDON_290204_WR

Van harte pardon - asyl yn Fryslân

29 Febrewaris 2004

We sjogge hoe't it giet mei de opfang fan flechtlingen, asylsikers en prate mei helpferlieners. Op ferskate plakken wurde minsken opfongen, lykas yn Wytmarsum, minsken wachtsje op de proseduere, guon binne al útprosedearre. We hearren oer 'schrijnende gevallen', dêr't besocht wurdt in fergunning foar oan te freegjen. We sjogge ek by in skoalle en tsjerke yn Easterbierrum dêr't asylsikers meidraaie yn it gewoane libben.

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 1

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 1

13 Septimber 2002

Yn dizze earste ôflevering fan de searje oer fakânsje yn Fryslân praat Jildou de Vries mei Pieter Smit, hy is VVV-direkteur op It Amelân. Yn Fryslân komme in soad toeristen, benammen it wetter lûkt in soad minsken. Friezen fertsjinje ek oan it toerisme.

Baas Boppe Baas 0304: Hurdriders & Deariders

Baas Boppe Baas 0304: Hurdriders & Deariders

01 Jannewaris 2003

Der is in hûntsje oanriden troch in auto en de dieder is trochriden. It hiele doarp hat it deroer. Beant tinkt dat hysels it miskien dien hat.