Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_2_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 2: In Joadsk jonkje op It Bilt

15 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel twa komt Isaäc Lipschits oan it wurd. Hy kaam as 12-jierrige Joadske ûnderdûker yn 1943 by de famylje Balt op de pleats oan de Alde Biltdyk yn Sint-Jabik. Hy kaam fan Rotterdam dêr't syn famylje de Joadestjer drage moast. It wie feiliger om ûnder te dûken en fia fia kaam er yn Fryslân telâne. As stedsjonge moast er no meihelpe op de pleats. Hy krige in oare namme, Cornelis de Boer, en gie sa ek nei skoalle.

LTV_Portret-Jan-Tekstra-De-Ideale-Noat_WR

De ideale noat: Portret fan Jan Tekstra

10 Septimber 2006

Lietsjeskriuwer en muzikant Jan Tekstra fertelt oer syn wurk en we folgje him dêrby. Hy is graach op it wetter, mei syn eigen boat, wetter is in ynspiraasjeboarne. Hy koe profesjoneel muzikant wurde nei't er wurk foar Marco Borsato skreau. We sjogge him by de repetysjes fan it iepenloft yn Heech dêr't er de muzyk foar skreau en by it wurkjen oan de musical Jan Rap en z'n maat. Ek fertelt er oer de perioade dat er sjonger by De Kast wie.

Vive la Frise 6

Vive la Frise 6

24 Augustus 2002

Op syk nei Friezen yn de Ardêche yn Súd-Frankryk: de Ludo-camping fan Willem Hamel.