De kaart fan Fryslân

07 Novimber 2004

Op âlde atlassen en kaarten, lykas de Schotanus-atlas fan 1718, fan Fryslân binne tal fan paden, fearten en brêgen te finen. Wat is dêr noch fan te finen yn it lânskip? Histoarikus en geograaf Meindert Schroor lit ferskillende paden sjen, lykas de holle wei by Bakkefean dy't yn de 14de/15de iuw diel útmakke fan de rûte tusken Grins en de Sudersee. De âlde karrespoaren binne noch altyd te sjen. By Keimpetille wie earder in brêge. Dy waard yn 1947 ferfongen troch in pont dy't der yn 1965 wer útgie. Geograaf Jacob van der Vaart lit ek âlde paden sjen, lykas it paad dwers troch it lân by Reahûs. Ek komt de trambaan tusken De Jouwer en De Lemmer oan bar, de Moskoureed by Donkerbroek, it binnenpaad by Fûns en de opfeart by Easterlittens.