'De Gleibakkers', oer Frysk ierdewurk (diel 1)

12 Juny 2005

Dokumintêre oer allerhanne fasetten fan Frysk ierdewurk, lykas de skiednis, produksje en fersprieding fan dit Fryske kultuerguod. Oan it wurd komme û.o. Pieter Tichelaar, earder direkteur fan it fabryk yn Makkum, Minze van den Akker, eigener fan de grutste kolleksje Frysk ierdewurk en tegelkenner Jan Pluis. Ek yn Harns wienen in soad gleibakkers. Yn 1972 rjochte Henk Oswald it Harnzer tegelfabryk op. Hy fertelt wat by it wurk sjen komt. Yn it Harnzer museum Het Hannemahuis lit konservator Hugo ter Avest diggels út 1614 sjen dy't yn de stêd fûn binne. By Tichelaar wurkje se ek gear mei ûntwerpers lykas Hella Jongerius.