De gongmakkers; oer útfiners

12 Desimber 2004

We sjogge by fjouwer ferskillende 'gongmakkers', útfiner, technysk ûntwerper, kreatyf techniker of toch in 'Willie Wortel'. Mei in technyske achtergrûn betinke se allerhanne saken dy't ek brûkt wurde yn de yndustry of soarch. Bearnd Hylkema hat in alternatyf foar de sweeftrein, Sjoerd Meijer betinkt oplossingen yn de meganika, Rien Poortvliet besiket aaien te sieden yn de magnetron en Libbe Jonkman ûntwerpt ynstruminten foar de soarch. Ek oan it wurd komme in ûndersiker oer dat der mindere oktroaien yn it noarden oanfrege wurde en de Nederlandse Orde van Uitvinders helpt útfiners om har idee yn de merk te setten.