Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: skorsing Ulbe Zwaga

Hjoed: skorsing Ulbe Zwaga

01 Maart 2003

De skorsing fan Ulbe Zwaga is werombrocht fan libbenslang nei trije jier.

Hjoed: de koekebeam

Hjoed: de koekebeam

06 Septimber 1999

In bysûndere start fan it skoaljier foar de bern yn Twizelerheide fan 'e moarn. Foar de alve bern yn groep trije wie der in grutte ferrassing: se krigen allegear in tûke fan de saneamde koekebeam dy't op 'e souder fan de skoalle groeit.

OEROL_2001_REPO

Reportaazjes Oerol 2001

16 Juny 2001

Reportaazjes út it programma Hjoed oer it festival Oerol 2001 op Skylge. 16/6: Skriuwer Jan Wolkers, bewenner fan Teksel, iepenet it festival mei gedichten oer eilannen. 18/6: Oeral is sawat in bedriuw wurden; it festival hat de maksimum kapasiteit berikt. 25/6: In ympresje fan de lêste Oerol-dei.