It Paad Werom: VV Jobbegea
Dizze ôflevering fan It Paad Werom út 2010 giet oer VV Jobbegea yn de sechtiger jierren. Dan steane der in pear mannen op it fjild dy't krekt eefkes mear kinne as in oar, om't se altyd, mar dan ek altyd oan it baltsjetraapjen binne. Se reitsje sa opinoar ynspile dat se inoar mei de eagen ticht strakke ballen taspylje kinne. Dat docht fertuten: begjin jierren sechtich hat Jobbegea it bêste sneinsfuotbalteam fan Fryslân, dat spilet op it nivo wat no de haadklasse is. Yn dit programma komme de manlju fan doe, yntusken 70 oant 75 jier âld, noch ien kear yn de fuotbalkantine byinoar om werom te sjen op dy moaie tiid.