Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Pornorock yn Ljouwert

Hjoed: Pornorock yn Ljouwert

25 Septimber 1998

It gie der yn 1998 bot om wei yn Sealen Schaaf yn Ljouwert. De Amerikaanske porno-rockband The Impotent Seasnakes wie dêr mei in pornografyske show. Mar in pear hûndert minsken kamen der op ôf. Minder as organisator Harrie Muis ferwachte hie, mar de bandleden fûnen it lang net min foar in earste optreden yn Fryslân.

Wâldrock 1996 (1)

Wâldrock 1996 (1)

28 Juny 1996

Foarútblik op de njoggende edysje fan Wâldrock: 9.000 rockfans wurde ferwachte op it grutste rockspektakel fan it noarden by Burgum. In ferdûbeling fan it tal taskôgers, yn fergeliking mei ferline jier. En dat hat neffens de organisaasje alles te krijen mei it programma. De earste leafhawwers fan metalrock sloegen middeis harren tinten al op, op de ymprovisearre kamping by it festivalterrein. De fans komme út Dútslân, Ingelân en Frankryk en fierders út hiel Nederlân. Op dit poadium sille tsien bands optrede, foar in útferkocht hûs.

Fytsalvestêdetocht 2001

Fytsalvestêdetocht 2001

04 Juny 2001

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 2001 gie net troch fanwege de tongblierkrisis. Mar dochs fytse in tal minsken de tocht op eigen manneboet.