Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

05 Juny 1998

Yn Hjoed fan 5 juny 1998 binne twa repo's oer Frozenland te sjen, it popfestival dat ûnder Fryslân 500 falt. Der binne 4.500 kaarten ferkocht en de jongerein komt út it hiele lân wei. Der binne fiif poadia. Ien fan de headliners is Run DMC. Troch de strange kontrôle op drank, drugs en wapenbesit duorret it lang foardat de besikers troch de poarten nei binnen meie. In soad misse de iepeningsact fan it Frysk Jeugd Orkest mei Reboelje. Ek De Heideroosjes, punk út Limburch, trede op. De twadde reportaazje giet oer ferkearsdrokte en tariedings.

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

13 April 1998

Topdrokte hjoed by de Peaskehûneshow yn it FEC. Ekstra kassa's wiene der nedich om de tûzenen besikers oan te kinnen. Nei in oere wiene der al 7.000 minsken om de 2650 hûnen te besjen. De 32e ynternasjonale tentoanstelling wurdt hâlden yn de trije nije hallen fan it FEC. Meinamme foar de demonstraasje fan de plysjehûnen wie in protte belangstelling.

Hjoed: de koekebeam

Hjoed: de koekebeam

06 Septimber 1999

In bysûndere start fan it skoaljier foar de bern yn Twizelerheide fan 'e moarn. Foar de alve bern yn groep trije wie der in grutte ferrassing: se krigen allegear in tûke fan de saneamde koekebeam dy't op 'e souder fan de skoalle groeit.