Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Aaipop 5 april 1994

Hjoed: Aaipop 5 april 1994

05 April 1994

Mear as twatûzen jongeren hawwe juster op Aaipop west. Dat binne wer in pear hûndert mear as ferline jier. De organisaasje fan dit grutte peaskepopfestival yn Nijlân neamt de achtste edysje in sukses.

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

Hjoed: Hûneshow 28 maart 2005

28 Maart 2005

De konkurrinsje tusken de ferskate hûneshows yn Nederlân wurdt te grut. Dêrtroch luts de ynternasjonale hûneshow yn Ljouwert wer minder hûnen as ferline jier. Sa stelt de organisaasje. Krapoan 2100 hûnen wiene der oanmeld, yn de heechtiidsdagen wiene dat der 500 mear. De ferskate hûneshows binne sa flak achterinoar pland dat minsken in kar meitsje moatte.

Fytsalvestêdetocht 2004

Fytsalvestêdetocht 2004

31 Maaie 2004

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Ek by de edysje fan 2004 wie der wer in soad publyk oan de kant fan de dyk om de fytsers oan te moedigjen. Dit jier warskôge de organisaasje foar it tanommen tal ferkearsdrompels dêr't de fytsers goed om tinke moatte.