Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Aaipop 5 april 1994

Hjoed: Aaipop 5 april 1994

05 April 1994

Mear as twatûzen jongeren hawwe juster op Aaipop west. Dat binne wer in pear hûndert mear as ferline jier. De organisaasje fan dit grutte peaskepopfestival yn Nijlân neamt de achtste edysje in sukses.

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

13 April 1998

Topdrokte hjoed by de Peaskehûneshow yn it FEC. Ekstra kassa's wiene der nedich om de tûzenen besikers oan te kinnen. Nei in oere wiene der al 7.000 minsken om de 2650 hûnen te besjen. De 32e ynternasjonale tentoanstelling wurdt hâlden yn de trije nije hallen fan it FEC. Meinamme foar de demonstraasje fan de plysjehûnen wie in protte belangstelling.

50e en lêste kear de Fytsalvestêdetocht

50e en lêste kear de Fytsalvestêdetocht

24 Maaie 1996

Ek al hat er lêst fan 'e knibbel, Corry de Groot fytst dochs foar de fyftichste en lêste kear de Alvestêdetocht.