Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0303: Sodom en Gommora

Baas Boppe Baas 0303: Sodom en Gommora

01 Jannewaris 2003

Beant ferliest de weddenskip dy’t er mei Joukje hat. No moat hy mei har in dei nei Amsterdam en Beant sjocht it fansels hielendal net sitten. As se yn Amsterdam oankomme, binne se inoar fuortendaliks al kwyt. Beant siket Joukje en Joukje is op syk nei Beant. 

LTV_MINSKELIBBEN_11_RIEK_LANDMAN_270200_WR

In Minskelibben: Riek Landman

27 Febrewaris 2000

Gryt van Duinen praat mei skriuwster Riek Landman. Se is yn Drachten berne en die de kweekskoalle. Se fertelt oer har wurk en libben. Se spile toaniel by it selskip fan Tetman de Vries en stie mei oan de widze fan Tryater. Ek skreau se tal fan boeken.

Hjoed: Hûneshow 12 april 2004

Hjoed: Hûneshow 12 april 2004

12 April 2004

En dan in oare klassiker op peaskemoandei, de ynternasjonale hûneshow. De belangstelling is al jierrenlang grut. Sa'n 15.000 besikers kamen hjoed nei it FEC. 2300 rashûnen setten har bêste poatsje foar. En dat is sels noch wat mear as de ôfrûne jierren.