Bedrige tradysje, oer it ljipaaisykjen

25 Maart 2007

Ljipaaisykje is in Fryske tradysje. Mar omdat de ljippestân stadichoan achterút giet komt de tradysje hieltyd mear ûnder druk te stean. Neffens Wolf Teunissen, ekolooch sil de ljip yn 40 oant 50 jier ferdwûn wêze. Grutte tsjinstanner fan it ljipaaisykjen is Harm Niessen fan de Faunabescherming. Fraach is hoe lang sil de tradysje stân hâlde? We sjogge by twa aaisikers yn it lân en mear foarstanners fan de tradysje fertelle oer it moaie derfan. Earder wie der in libbene hannel yn ljipaaien. No is de neisoarch belangryk.